Goran Popov tsjin Oranje

© Omrop Fryslân
Goran Popov fan SC Hearrenfean is opnommen yn de seleksje fan Masedoanië foar de WK kwalifikaasjewedstriid op 1 april tsjin it Nederlânsk alvetal. De linker ferdigener is ien fan de 21 fuotballers dy't troch bûnscoach Srecko Katanec selektearre binne. De 24-jierrige Popov miste de earste konfrontaasje mei Oranje yn Skopje fanwege in blessuere. Sûnt hy wer fit is, kin hy rekkenje op in basisplak. Popov hat al tweintich ynterlâns spile foar syn heitelân.