Fryske huzeprizen bot sakke

20 mrt 2009 - 10:56

De huzeprizen binne de ôfrûne moanne yn Fryslân it meast fan hiel Nederlân sakke, yn fergeliking mei de prizen fan febrewaris 2008. Lanlik sakke de trochsneed hûzepriis mei in heal persint. Yn Fryslân wie dat fjouwer persint, seit it Centraal Bureau voor de Statistiek.

It is foar it earst sûnt 1995 dat der sprake is fan legere prizen. Der waarden yn febrewaris ek minder hûzen ferkocht yn febrewaris 2008 jier. Yn Fryslân it minst fan hiel Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)