Voicst op Befrijdingsfestival

20 mrt 2009 - 10:50

De band Voicst sil op 5 maaie it Befrijdingsfestival yn Ljouwert ôfslute. Voicst is dit jier ien fan de helikopteracts, dy´t yn ien dei op ferskate festivals spylje.

It Ljouwerter Befrijdingsfestival liket ek hieltiten grutter te wurden. Der binne dit jier foar it earst 4 poadia. Nij is it poadium fan 3voor12. It folsleine programma fan it Befrijdingsfestival wurdt pas letter bekend makke. Njonken muzyk is der ek in bernefestival yn de Prinsetún.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)