Akkrumer fan 'e dyk helle

20 mrt 2009 - 10:02

De plysje hat tongersdei in man út Akkrum twa bekeurings jûn. De man siet mei drank op achter it stjoer en hy hie net in jildich rydbewiis.

Plysjes seagen de man oer de Boarnsterdyk yn Akkrum riden en werkenden him. Se wisten dat er al ris earder mei drank op pakt wie en dat syn rydbewiis ôfpakt wie. Se hawwe him meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)