Fjochtpartij op Ruterskertier
By in fjochtpartij freedtemoarn betiid op it Ruterskertier yn Ljouwert is in man út Warkum ferwûne rekke. Hy moast him yn it sikehûs oan in ferwûning oan de holle behannelje litte.
De dieder, in man fan 26 út Ljouwert, koe oppakt wurde trochdat tsjûgen him oanwize koene. De man is meinaam nei it buro.