Dealers Kollumersweach oppakt

20 mrt 2009 - 09:58

Twa ynwenners fan Kollumersweach binne oanhâlden fanwege hannel yn harddrugs. De plysje wie tipt dat by ien fan de manlju (51) thús deald waard. Doe't de plysje in ynfal die, waarden der twa soarten harddrugs fûn, nei alle gedachten speed en ketamine.

De plysje kaam ek in twadde fertochte (40) op it spoar. By him waarden ek speed en ketamine fûn. De manlju sitte fêst. Testen moatte útwize oft it echt om ketamine giet. As dat sa is, fynt de plysje dat soarchlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)