'Regiokantoaren iepen hâlde'

20 mrt 2009 - 06:29

De Noordelijke Dagblad Combinatie moat syn regiokantoaren safolle mooglik iepen hâlde. Dat fynt de UR fan de útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante. Troch de kantoaren iepen te hâlden, bliuwt de bining mei de minsken yn de regio bestean. Boppedat kinne der sa mear minsken oan it wurk bliuwe.

De NDC wol tsientallen banen skrasse. De UR tinkt dat dat net nedich is. Minsken soene in oare baan binnen it bedriuw krije kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)