11-stêde-dvd presintearre

De dvd fan de Omrop Fryslân-searje oer de Alvestêdetocht is tongersdei offisjeel presentearre. Dat barde op in spesjale feestjûn foar leden fan de feriening ´De Friesche Elf Steden´ yn de gemeente Wymbritseradiel. Alvestêderiders Klasina Seinstra, Jeen van den Berg en Sipke Beetstra krigen de earste eksimplaren.
De Omrop makke trettjin dokumintêres oer de Alvestêdetocht. De dvd dêrfan is noch net foar elk beskikber. Hy is pas hielendal klear yn april.