Tsjinûndersyk fan provinsje

Deputearre Galema: koarting ryk is net terjochte
De provinsje wol mei eigen ûndersyk oantoane dat de besuniging fan 12 miljoen euro op de bydrage fan it Ryk net kin. De Raad voor de Financiële Verhoudingen kaam tongersdei mei it advys foar dy koarting.
Neffens Fryslân hat de rie by it advys ferkearde sifers brûkt. De provinsje wol dat no mei eigen ûndersyk oantoane. Dat ûndersyk moat ein april klear wêze. It Fryske ûndersyk makket diel út fan in ûndersyk troch alle provinsjes yn Nederlân.