Positive reaksjes plan N31

19 mrt 2009 - 21:46

Ynwenners fan Harns lykje posityf oer it plan de sneldyk troch de stêd ûnder de grûn te bringen. De N31 komt dan op it selde plak as no, mar dan goed fjouwer meter ûnder de grûn. Dat wurk kostet 160 miljoen euro en moat oer twa jier begjinne.

Tongersdei waard in ynformaasjejûn oer it plan hâlden. Dy luts in pear hûndert besikers. It grutste diel fan har wie posityf oer it plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)