Fryske nominaasjes Gebouw 2009

De houten brêge is nominearre foar in priis
Twa Fryske ûntwerpen meitsje kâns om 'Gebouw van het jaar 2009' te wurden. Dat is in priis fan de Bond van Nederlandse Architecten. It giet om de houten brêge oer de A7 by Snits en de útjouwerij fan Steven Sterk op 'e Gordyk.
De twa Fryske bouwurken hearre by fiif noardlike ûntwerpen dy't kâns meitsje op de priis. Dy wurdt op 23 april útrikt yn Amsterdam. Dan dogge der ek ûntwerpen út oare regio's mei.