Kenniskwis foar gymnasiasten

© Omrop Fryslân
Yn histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert wurdt sneon foar de earste kear striden om de L.A. Buma-bokaal. Dy giet nei de gymnasiumlearling út it noarden mei de measte kennis fan de klassike âldheid.
De priis is neamd nei de grûnlizzer fan de Buma-biblioteek. Yn dat ûnderdiel fan Tresoar stean 50.000 boeken oer de klassike âldheid. Neist de bokaal kinne de gymnasiasten ek twa plakken foar de lanlike finale fan de grutte Ken-je-klassiekenkwis winne.