Fjouwer jier foar ferkrêfting

19 mrt 2009 - 16:33

In 38-jierrige Ljouwerter moat fjouwer jier de sel yn fanwege it ferkrêftsjen fan syn eardere freondinne. Dat hat de rjochter tongersdei bepaald. De man hat syn freondinne yn 2006 fêstbûn yn har wenning en har dêrnei ferkrêfte. De frou rekke dêrtroch sa ferwûne dat se lang in stoma ha moast.

Neist de selstraf moat de Ljouwerter de frou 33.000 euro skeafergoeding betelje. Twa wike lyn waard tsjin de man 2,5 jier selstraf easke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)