Kampanje LED-lampen rint goed

Al 14.000 lampen ferkocht
Yn Fryslân binne de ôfrûne twa wike goed 14.000 LED-lampen ferkocht. De kampanje Ik Stap Oer is bedoeld om safolle mooglik gewoane lampen ferfange te litten troch LED-lampen. Dy LED-lampen brûke folle minder enerzjy.
De start fan de kampanje waard op 4 maart jûn troch minister Cramer fan Miljeu, mei turner Epke Zonderland. Fryslân is de earste provinsje dêr't besocht wurdt de ynwenners massaal oan de LED-lampe te krijen.