Skoalle Aldlân wer op nivo

© Omrop Fryslân
De Prins Willem Alexander skoalle yn de Ljouwerter wyk Aldlân stie bekend as in minne skoalle. Sadwaande kamen se yn de saneamde reade kategory. Nei in ferbouwing en in plan fan oanpak om it ûnderwiis te ferbetterjen is de skoalle no wer goed opwei en sitte se yn de griene kategory foar skoallen dy't wer op in goed nivo prestearje.
Tongersdei krigen de lokalen nije nammen en waard de skoalle op 'e nij iepene troch deputearre Jannewietske de Vries.