Mislikmeitsjende died bestraft

De offisier fan justysje oan it wurd
Tsjin twa Ljouwerters (20 en 21) dy't in jonge (16) twongen ha om urine te drinken, binne tongersdei selstraffen easke. De beide mannen hawwe har neffens justysje skuldich makke oan in mislik meitsjende died en moatte dêrfoar 9 en 7 moanne de sel yn.
Op 9 maart 2008 noegen de fertochten it slachtoffer út yn in flat oan de Esdoornstrjitte yn Ljouwert. Hy moast kieze tusken klappen krije en urine drinke. Hy died dat lêste en moast dêrnei trije kear spuie.