Ljouwerter wyk bernfreonliker

© Omrop Fryslân
Jantje Beton, in organisaasje dy't him ynset foar bern yn Nederlân, wol in saaie wyk yn Ljouwert bernfreonliker meitsje. It is noch net bekend hokker wyk yn Ljouwert dat wêze moat. De organisaasje is fan plan om yn de mande mei buertbewenners en bern út de wyk oan de slach te gean.
Yn Nederlân wurde yn totaal fiif wiken troch Jantje Beton opkalefatere. De organisaasje wol yn septimber oan de slag mei in wyk yn Ljouwert.