Jild provinsje nei wettersport

19 mrt 2009 - 11:09

Fryslân stekt de kommende jierren jild yn it ferbetterjen fan havens, skjinner wetter en automatysk te betsjinjen brêgen sadat boatsjeminsken fluch trochfarre kinne. De provinsje hopet dêrmei mear toeristen nei Fryslân te lûken.

It promoasjeburo Fryslân Marketing krijt dêrfoar de kommende jierren mear jild. Foaral yn Dútslân wurdt dan mear promoasje makke foar fakânsjes yn Fryslân. Ek kinne bedriuwen dy't yn toerisme ynvestearje subsydzje freegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)