Man driget mei mes
De plysje hat woansdeitemiddei op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert in 63-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden. De man hie op it busstasjon ien mei in mes bedrige en stapte dêrnei yn in stedsbus.
Omdat de plysjes in goed sinjalemint fan de man hiene, koe er gau achterhelle wurde. De man waard yn de bus oanhâlden.