VVD op bedriuwekontaktdagen

© Omrop Fryslân
De VVD yn Provinsjale Steaten stiet as earste Fryske politike partij mei in eigen stand op de bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert.
De liberale partij wol yn dizze mindere ekonomyske tiden fan ûndernimmers hearre hokker maatregels der komme moatte. Neffens de VVD moatte it bedriuwslibben en de polityk gearwurkje om de resesje tsjin te gean. Kommissaris Jorritsma en MKB-foarsitter Hermans hâlde taspraken yn de stand.