Swimbad by Barradeel ticht

It swimbad yn Tsjummearum giet ticht
It swimbad by rekreaasjepark Barradeel yn Tsjummearum hat de winter net oerlibbe. De betegeling en masines fan it bad binne der min oan ta troch de kâlde winter.
Neffens mei-eigner Ellen Postma is it te djoer om de skea noch te reparearjen. Dêrom is besluten it swimbad dizze simmer net iepen te dwaan. Folgjend jier moat der in nij en modern ekologysk swimbad by it park komme. De doarpsbewenners fine it spitich dat it swimbad fuort moat.