Wachtsje mei nije fergunning

Foarearst wurde gjin nije fergunningen ferliend foar it winnen fan gas en sâlt. Hast de hiele Twadde Keamer fynt dat de minister fan Ekonomyske Saken wachtsje moat mei nije fergunnings.
De Keamer prate woansdei yn in spoeddebat oer dy winning. De measte keamerleden binne, lykas de provinsje, benaud dat winning liede kin ta grûndelgong en alle problemen dy't dêr by hearre. Der moat earst mear dúdlikheid komme oer de oarsaken fan it sakjen fan de grûn.