Gjin ûngelokken mei plysjeauto

Plysje-auto's net belutsen by slimme ûngelokken
Der barre yn Fryslân amper slimme ûngelokken mei plysje-auto's. Ut lanlik ûndersyk docht bliken dat yn Nederlân yn trije jier tiid alve minsken omkaam binne en 483 minsken ferwûne rekke binne troch ûngefallen mei plysje-auto's.
Sifers fan de Fryske plysje litte sjen dat yn de lêste trije jier gjin deaden fallen binne by ferkearsûngelokken mei plysje-auto's. Wol rekken minsken ferwûne.