Steuring postkantoar wer oer

© Omrop Fryslân
Troch in kompjûtersteuring hat it wurk op it postkantoar yn Ljouwert twa dagen stillein.
Troch de steuring koe it personiel op it Aldehoustertsjerkhôf net mear yn it systeem komme. Se koene gjin postpakketten registrearje of jildtransaksjes ferwurkje. Dêrom wie it kantoar moandei en tiisdei ticht. Allinnich eigners fan postbussen koene der noch yn. Nei de ferfanging fan in part fan it kompjûtersysteem koene meiwurkers woansdei wer oan it wurk.