'Mear ûndersyk lûd fleantugen'

der komt ûndersyk nei it lûd fan de JSF
It Nasjonaal Loft en Romtefeartlaboratorium, it NLR, moat neier ûndersyk dwaan nei de lûdseffekten fan sawol de JSF as de Saab Gripen. Dat seit deputearre Piet Adema yn reaksje op de útkomsten fan it lêste ûndersyk fan de NLR.
Yn dat ûndersyk soe de JSF kwalik mear lûd meitsje as de Sweedske konkurrint. Neffens Adema is it ûndersyk fan it NLR net folslein en kin de Twadde Keamer noch gjin beslút nimme oer de opfolging fan de F-16.