Opfang dakleazen ûnder druk

17 mrt 2009 - 20:50

De dak- en thúsleaze-opfang yn Fryslân komt earnstich yn gefaar no't it Ryk in ekstra koarting fan 3 miljoen euro trochfiere wol. Wethâlder Sluiter fan de gemeente Ljouwert wol de help fan de Twadde Keamer ynroppe om it hege nivo fan de opfang fêst te hâlden.

Sluiter hopet dat in part fan de besunigings weromdraaid wurde sille. Mar foarearst liket it der op dat de maatskiplike opfangorganisaasje Zienn de kommende tiid mei minder jild en dus minder soarch ta moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)