Operaasje op parkearterrein

17 mrt 2009 - 20:46

Op it parkearterrein fan it MCL hat mage-, darm- en leverspesjalist Piet Spoelstra en syn team seehûn Croko fan in stikken biten fiedingssonde ôfholpen. Doe´t de meiwurkers fan de seehûnekresj de sonde derút helje woene, biet hy it stikken en iet it op.

Om't de seehûn dêr in ferstopping fan krije kin, waard de help fan it MCL ynroppen. De hiele operaasje duorre in goed healoere. Croko makket it goed en kin, as hy oansterke is, wer werom set yn de Waadsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)