Kwaliteit wetter Fryslân goed
De kwaliteit fan it swimwetter yn Fryslân is goed. Dat is de konklúzje fan de provinsje nei ferskate kontrôles ferline simmer.
Foar it ûndersyk waarden mear as 100 swimbaden en goed 50 swimplakken besocht. Kontroleurs testen it wetter dêr om de twa wiken. De provinsje wol ek dit jier it wetter kontrolearje.