Nij ûndersyk leven fleantúch

© Omrop Fryslân
Fleantúchfabryk Saab komt sels mei in nij ûndersyk nei it leven fan de Saab Gripen. Dat ûndersyk wurdt dien troch in ûnôfhinklik buro. Saab reagearret dêrmei op in ûndersyk fan it Nasjonaal Loft en Romtefeartlaboratoarium.
Neffens dat ûndersyk makket de Saab hast like folle leven as de JSF. Boppedat soe dat net iens safolle mear wêze as de F16 fan no. Saab seit dat de sifers yn it rapport totaal ferskille mei de mjittingen fan Saab.