Skoalle yn aksje foar Unicef

17 mrt 2009 - 14:19

Groep 6 & 7 fan de Wynroas yn Wâlterswâld sitte hjoed tolve oeren lang op skoalle. Se dogge dat om jild op te heljen foar it goede doel, yn dit gefal Unicef. De bern ha famylje en kunde frege om harren te sponsorjen foar dizze spesjale skoaldei. Se ha 2000 euro ophelle.

De lêste wiken ha de bern leard oer de problemen yn de tredde wrâld. Unicef sil it jild brûke foar it bouwen fan wetterputten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)