Wyt út coffeeshop stellen

17 mrt 2009 - 10:41

De plysje hat moandei yn de Kleine Kerkstraat yn Ljouwert in 23-jierrige man oanholden foar stellerij. De man hie by in coffeeshop foar goed 50 euro oan wyt meinommen sûnder te beteljen.

In meiwurker en in oantal klanten fan de coffeeshop draafden achter de fertochte oan. Se krigen him te pakken en bellen dêrnei de plysje. Dy hat de man meinommen nei it buro en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)