Man botst tsjin brêgeleuning

17 mrt 2009 - 10:38

In 49-jierrige man út de gemeente Dongeradiel is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Ie. De autobestjoerder wie op de Saatsenwei tsjin in brêgeleuning opbotst. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Nei ûndersyk yn it sikehûs koe de man fuortendalik troch nei it plysjeburo foar in ademanalyze. Omdat de man te folle dronken hie, moast er syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)