Man op 'e bon foar stellerij
In man fan 73 jier fan It Hearrenfean is moandei oanholden foar stellerij. De fertochte hie in oantal boadskippen meinommen sûnder te beteljen.
De plysje hat de man oerbrocht nei it buro. Dêr hat er proses-ferbaal krigen. De man krige ek in winkelferbod fan in jier.