Automobilist omkaam by Dearsum

17 mrt 2009 - 10:14

By Dearsum is tiisdei in 49-jierrige automobilist út Boazum om it libben kaam by in auto-ûngelok. Yn in bocht yn de Snitserdyk tusken Raerd en Dearsum bedarre de man mei de auto op de ferkearde helte fan de dyk en botste dêr op in frachtwein. De auto skode dêrby ûnder de frachtauto.

De dyk waard yn beide rjochtingen ôfsletten en it ferkear omlaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)