Gjin jiddysk festival Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der komt dit jier gjin jiddysk festival yn Ljouwert. Dat wie wol de bedoeling, mar de organisaasje slagget der net yn om in folsein programma op te setten yn sa´n koarte tiid. Yn 2010 moat der wol wer in festival komme. Yn 2008 waard der foar it earst in festival hâlden mei muzyk, poëzij en film yn de jiddyske taal. It festival is in idee fan kulteurhistoarysk sintrum Tresoar om oandacht te freegjen foar de kolleksje jiddyske boeken.