Doek falt foar damklup Wurdum

Damklup Wurdum hâldt dermei op. Der binne gjin dammers mear dy´t noch Frysk damje wolle. De trettjin leden gean nei oare klups.
Dat betsjut net dat it mei it Frysk damjen op ´e ein rint. Yn de Súdwesthoeke bygelyks bloeit de damsport. De foarsitter fan de Damklup Wurdum, Hein de Vries, hat de leden moandeitejûn foarsteld om de âldste damklup fan Fryslân op te doeken fanwege it tekoart oan dammers.