E-garnalefiskers net bliid

16 mrt 2009 - 15:08

Der is ûnrest ûntstien ûnder de garnalefiskers oer de ynfiering fan in nij digitaal registraasjesysteem. Mei dit systeem moatte de fiskers fan 1 jannewaris 2010 ôf gegevens trochjaan oan ferskate ynstânsjes oan de wâl.

Derfoar moatte de fiskers in goeie kompjûter en in kommunikaasjesysteem lykas mobyl ynternet ha. De kosten dy't dit meibringt moatte de fiskers sels betelje. Neffens fiskersferiening Hulp in Nood binne in soad fiskers hjir lulk oer en wolle se subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)