Sân kandidaat-doarpsdichters

16 mrt 2009 - 14:33

Der dogge sân kandidaten mei oan de ferkiezing fan de earste doarpsdichter fan Achtkarspelen. De ferkiezing is freed yn 'e herfoarme tsjerke fan Twizel. Fiif kandidaten sille in fers foarlêze. De oaren sjonge har gedicht.

De sjuery bestiet út boargemaster Tjeerd van der Zwan, Joop Atsma en Gerbrig Vreeling. De gadingmakkers binne: Adri de Boer, Suzan Bosch, Miranda Detmar, Ate Grypstra, Arjan Hut, Jolanda Paulus-Bandsma en Sytse van der Werf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)