Wer skoarstien op Hotel Ozinga

De restauraasje fan Hotel Ozinga yn Snits is wer in stap tichterby. Der is in nij dak opkommen en moandei binne de byldbepalende skoarstiennen derop setten. It hotel wurdt learbedriuw foar hoareka-opliedingen.
Hast tsien jier lang stie Hotel Ozinga oan de Lemsterdyk yn Snits leech en rekke it slim fertutearze. It âlde hotel, dêr't Moeke Jikke foar har dea klanten ûntfong as wie it yn har eigen húskeamer, hat in skiednis fan in pear hûndert jier.