Fuotballer Langwar ferstoarn

16 mrt 2009 - 12:16

In 49-jierrige fuotballer fan Langwar is snein ûnferwachts ferstoarn yn it skoft fan syn fuotbalwedstriid. It team wie yn de klaaikeamer doe't de spiler in hertstilstân krige. Oare spilers út it team, ûnder oare twa leden fan de frijwillige brânwacht, hawwe noch besike om de man te reanimearjen, mar dat slagge net.

It bestjoer en de spilers fan de klup binne bot oandien troch it nijs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)