1ste aai Eaststellingwerf fûn

16 mrt 2009 - 12:03

De 44-jierrige Wiebe van der Vliet út Makkingea hat sneintemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Eaststellingwerf fûn. Van der Vliet fûn it aai tsjin njoggen oere yn in stik greide oan de Weper yn Easterwâlde.

It ljipaai is yntusken oanbean oan boargemaster Harry Oosterman fan de gemeente Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)