Man ferwûne nei auto-ûngelok

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean is snein in man (64) ferwûne rekke nei't er mei syn 45-kilometer-auto op in oare auto klapte. Hy hie net sjoen dat it ferkearsljocht op de K.R. Poststrjitte noch op read stie. De oare bestoerder, in man (41)út Diever, woe de A32 yn 'e rjochting fan Wolvegea opride, mar waard doe oanriden troch de 45-kilometer-auto.
De 64-jierrige bestjoerder rekke ferwûne en is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.