Johnny Tuinstra 13e op WK

15 mrt 2009 - 17:46
Johnny Tuinstra

Op it WK iisspeedway yn Assen is Johnny Tuinstra fan Tsjummearum fjirde wurden yn de C-finale. Yn it totaalklassemint einige Tuinstra op in trettjinde plak. Dat is syn bêste resultaat oant no ta.

Sneontejûn wûn er de C-finale. In wike earder wûn er ek al yn Berlyn. Mei it WK op de iisbaan De Smelt is der in ein kommen oan it speedwayseizoen 2008-2009.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)