Lieuwe Westra 17e yn Itaalje

15 mrt 2009 - 17:27

Hurdfytser Lieuwe Westra fan Mûnein is 17e wurden yn de fyfde etappe fan de Tirreno-Adriatico. It wie in yndividuele tiidrit oer 30 kilometer. De Dútser Andreas Klöden wûn de tiidrit en is no de lieder fan it algemien klassemint.

Moandei is der in swiere rit fan Civitanova nei Camerino. 40 Kilometer foar de finish is der in 13 kilometer lange beklimming. Tiisdei einiget de Italjaanske rittekoers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)