Yvonne Nauta wint 5000 meter

15 mrt 2009 - 16:39

Reedrydster Yvonne Nauta fan Twellingea hat snein yn Hoorn by it Nederlânsk kampioenskip reedriden foar junioaren goud wûn op de 5000 meter. Se die dat yn in fantastyske tiid fan 7.20,52.

It poadium fan de fiif kilometer wie itselde as fan de trije kilometer op sneon. Carlijn Achtereekte út Lettele waard twadde en Japke Janneke Sybesma fan Jellum pakte it brûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)