De Jouwer ferliest fan WKE

15 mrt 2009 - 16:04

Sneinshaadklasser De Jouwer hat op it eigen fjild mei 2-1 ferlern fan WKE. Yn de sânde minút wie it Nico de Jong dy't De Jouwer op in 1-0 foarsprong sette. Foar it skoft kaam de ploech út Emmen op 1-1 troch in doelpunt fan Robert Fik. Deselde Robert Fik soarge yn de twadde helte ek foar de 2-1 foarsprong foar WKE. Snits Wyt Swart spile yn Apeldoorn mei 2-2 lyk tsjin WSV. Kevin Koenen en Theo Ydema wiene de doelpuntemakkers foar Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)