Oppakt foar fernieling taksy

15 mrt 2009 - 15:29

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in man (27) út Langsweagen oanholden. Hy wurdt fertocht fan it fernielen fan in taksy op It Hearrenfean. De man wie lilk, omdat de sjauffeur him net meinimme woe nei hûs.

Yn de taksy sieten al fjouwer oare persoanen en de fertochte út Langsweagen koe der net mear by. Earst woe er fjochtsje mei de taksysjauffeur, dêrnei skopte er tsjin de taksy oan. Hy besocht út te naaien, mat de plysje koe de man dochs pakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)