Yvonne Nauta wint goud

15 mrt 2009 - 13:57

Reedrydster Yvonne Nauta fan Twellingea hat sneon it goud wûn op it Nederlânsk kampioenskip reedriden foar junioaren yn Hoorn. De 18-jierrige Nauta wûn de trije kilometer yn in tiid fan 4.20,83.

Carlijn Achtereekte út Lettele waard twadde yn 4.34,34. It brûns gong nei Japke Janneke Sybesma mei in tiid fan 4.35,58. Snein is de lêste dei fan de Nederlânske kampioenskippen foar junioaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)