2 Boetes nei wedstriid H'fean

15 mrt 2009 - 12:45

Supporters fan SC Hearrenfean dogge it oer it generaal foarsichtich oan mei alkohol as se noch ride moatte. By in blaastest sneon nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Sparta, binne mar twa boetes útdield oan autobestjoerders dy't tefolle dronken hiene.

Meielkoar 251 minsken moasten blaze. De beide minsken dy't wol in boete krigen, wiene begjinnende bestjoerders. Dy meie minder drinke as bestjoerders dy't al langer har rydbewiis ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)