Wapene oerfal Sibrandabuorren

15 mrt 2009 - 12:42

Oan it Havenpaed yn Sibrandabuorren is sneintemoarn betiid in hoarekagelegenheid oerfallen. De eigner woe om 05.30 oere nei hûs ta gean, mar doe waard er bedrige troch twa persoanen mei in fjoerwapen.

Se easken dat er de opbringst fan de dei oan har jaan soe. Doe't de beide oerfallers it jild hiene, binne se útnaaid. Meardere plysjeminsken hawwe noch oan it sykjen west, ûnder oare mei plysjehûnen, mar der is net ien mear fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)